Winners bekend gedichtenwedstryd Woudagemaal
De winners fan de gedichtenwedstryd Woudagemaal binne bekend.
Skoallen
By de skoallen is it gedicht fan Fardau Folkertsma en Avina Couperus útkeazen (groep 7/8 St. Gregoriusschool Blauhús) as moaiste gedicht:
Soms langje ik nei
rêst en alle tiid fan de wrâld.
Dan gean ik nei it wetter wêr ik sa fan hâld
Soms langje ik nei frijheid.
Dan gean ik nei wêr it wetter leit
Soms langje ik nei moed,
dan hear ik it wetter tsjin de râne klotsen.
Dat moaie lûd.
Sy winne foar harren hiele klasse it folle krêft foarút arranzjemint by it Woudagemaal. Dit prachtige gedicht is te bewûnderjen op it raam fan it stoomlokaal.
Folwoeksenen
It winnende gedicht by de folwoeksenen is makke troch John Reeders út Ljouwert:
Yn it smûgen
fan myn boezem
hear ik it hert
fan myn gemaal
it is by har
pompe of fersûpe
mar nei steam ôfblaze
komt sy as fan âlds
wer op ferhaal
John wint in VIP arranzjemint ynklusyf lunsj foar 4 persoanen by it Woudagemaal met privee rûnlieding. It gedicht is te bewûnderjen op it raam fan de yngong by de kassa.
Oare gedichten
Der binne in soad gedichten ynstjoert. Tige tank derfoar! Wy litte hjir in pear sjen.
ús Unesco
pronkkeamer
ferset wetter
mei wetter
jout Fryslân har
wiet en droech
Ruth
It wetter yn ús lân wol frijút streame
sa frij as in wolkeloft driuwt
boppe de mar, it kanaal of de feart
dy’t de wietens fan in wolk drinke.
Ek toarstich is it lân dat noed hat
as de wetterwolf tichteby slûpt
en yn har diken byt of driicht
om wat waakst te fersûpen.
Dan weeft it Woudagemaal ôf
mei it gefaar en lit syn oersterke
stoommasines wer folop draaie.
Marije Roorda
Hjoed te droech mar moarn alwer te wiet:
reden wêrom dit gemaal bestiet.
We kinne dêr út noch yn gjin dei omhinne
om’t we sels foar trije kwart fan wetter binne.
Waarm út inoar giet it as damp omheech,
gearstald yn dripkes komt it wer omleech.
Hwa wit jildt sokssawat ek wol foar ús
en kom’ we nei de lêste dei wer thús.
Jelle de Visser
(Nederlands)
Winnaars bekend gedichtenwedstrijd Woudagemaal
De winnaars van de gedichtenwedstrijd Woudagemaal zijn bekend.
Scholen
Bij de scholen is het gedicht van Fardau Folkertsma en Avina Couperus uitgekozen (groep 7/8 St. Gregoriusschool Blauwhuis) als mooiste gedicht:
Soms langje ik nei
rêst en alle tiid fan de wrâld.
Dan gean ik nei it wetter wêr ik sa fan hâld
Soms langje ik nei frijheid.
Dan gean ik nei wêr it wetter leit
Soms langje ik nei moed,
dan hear ik it wetter tsjin de râne klotsen.
Dat moaie lûd.
Zij winnen voor hun hele klas het volle kracht vooruit arrangement bij het Woudagemaal. Dit prachtige gedicht is te bewonderen op het raam van het stoomlokaal.
Volwassenen
Het winnende gedicht bij de volwassenen is gemaakt door John Reeders uit Leeuwarden:
Yn it smûgen
fan myn boezem
hear ik it hert
fan myn gemaal
it is by har
pompe of fersûpe
mar nei steam ôfblaze
komt sy as fan âlds
wer op ferhaal
John wint een VIP arrangement inclusief lunch voor 4 personen bij het Woudagemaal met privé rondleiding. Het gedicht is te bewonderen op het raam van de ingang bij de kassa.
Andere gedichten
Er zijn veel gedichten ingezonden. Heel erg bedankt daarvoor! We laten hier een paar zien.
ús Unesco
pronkkeamer
ferset wetter
mei wetter
jout Fryslân har
wiet en droech
Ruth
It wetter yn ús lân wol frijút streame
sa frij as in wolkeloft driuwt
boppe de mar, it kanaal of de feart
dy’t de wietens fan in wolk drinke.
Ek toarstich is it lân dat noed hat
as de wetterwolf tichteby slûpt
en yn har diken byt of driicht
om wat waakst te fersûpen.
Dan weeft it Woudagemaal ôf
mei it gefaar en lit syn oersterke
stoommasines wer folop draaie.
Marije Roorda
Hjoed te droech mar moarn alwer te wiet:
reden wêrom dit gemaal bestiet.
We kinne dêr út noch yn gjin dei omhinne
om’t we sels foar trije kwart fan wetter binne.
Waarm út inoar giet it as damp omheech,
gearstald yn dripkes komt it wer omleech.
Hwa wit jildt sokssawat ek wol foar ús
en kom’ we nei de lêste dei wer thús.
Jelle de Visser